Fryske Krite 'Dr. G.A. Wumkes' - Burgum

 

 

Wolkom op ús nije webside!

 

Wy binne as bestjoer tige bliid dat wy jim as leden en oare belangstellenden dizze webside oanbiede kinne en hoopje fan herte dat it in goede funksje ha sil yn it kontakt mei jimme allegearre.

 

It doel fan de Fryske krite Burgum is koartsein:

     'It behâld en fersterkjen fan de Fryske Taal en it brûken dêrfan yn it deistich libben.'

Hjirby heart ek it stimulearjen fan kulturele aspekten dy’t dêrmei ferbân hâlde.

Us kritejûnen binne û.o. in middel om dit doel te berikken.

 

 

Wat kin men sa al op ús webside fine?

 

In lytse opsomming:

  • It doel fan de krite
  • Gearkomsten
  • Ferslaggen fan de Kritejûnen
  • Gearstalling fan it bestjoer
  • Hoe lid te wurden
  • Nijsbrieven

 

 

Utlis oer it logo fan de Fryske Krite Burgum

It logo bestiet út in ûleboerd. In koarte definysje fan it ûleboerd is: in trijehoekich rjocht opsteand sket op it dak fan in pleats, mei in gat deryn dêr’t ûlen troch oan- en útfleane kinne!

It boerd hie as funksje de skuorre te fentilearjen en beskerming te bieden tsjin ynwetterjen.

 

It ûleboerd bestiet út twa parten:

  1. Yn it midden in fersierde balke dy’t de makeler neamd waard.
  2. Oan wjerskanten fan de makeler in knobbelswan (Fryske fersy).

 

Mooglik dat men yn Fryslân keazen hat foar de knobbelswannen fanwegen harren sierlike foarm. Der is ek sprake fan symbolyk: de swan stiet foar de trou tusken twa minsken. Ek is de swan it byld fan de transformaasje: in stimulâns om fierder te groeien. As krite fan Burgum ha wy nei 65 jier noch altyd dy ambysje!!

 

De Fryske fariant fan de makeler út de wâlden hat boppeyn de foarm fan in glês en ûnderyn de foarm fan in sânglês.