DOEL FAN DE FRYSKE KRITE
De Fryske Krite 'Dr. G.A. Wumkes' yn Burgum set him yn foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en stimulearring fan kulturele aspekten dy't dêrmei ferbân hâlde.
Om dit út te dragen organisearret de krite meastal fjouwer kear yn 't jier yn it winterskoft in noflike en nijsgjirrige jûn mei muzyk, ferhalen, lêzingen oer skiednis, natuer, keunst, religy ensfh. It seizoen wurdt meastentiids ôfsletten mei in útstapke nei bygelyks in Frysk ynstitút of it spoar fan in skriuwer wurdt folge.
Net allinnich kriteleden, mar elk dy't de Fryske taal en kultuer in waarm hert tadraacht is wolkom op de kritejûnen.

Maak jouw eigen website met JouwWeb