Ferslach fan de kritejûn op tongersdei 26 maart 2026
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich rom 45 persoanen
- Wolkom troch de foarsitter oan:
- de leden/nije leden
- de gasten
- Karst Berkenbosch
- Iepening: de foarsitter komt noch efkes werom op de lêste kantatetsjinst mei it Kwartettekoar: Folgeling fan Leafde. As de tsjerkerie grien ljocht jout dan is it Kwartettekoar 14 maart 2027 jûns wer yn de Krústsjerke.
- Fanút it bestjoer:
- It programma fan it seizoen 2026-2027 stiet as in hûs. In grutte fariaasje oan ûnderwerpen binne wer pland.
- Fan de gemeente krigen wy it berjocht dat wy net mear yn 2 partoeren de subsydzje hoege oan te freegjen, mar dat it yn ien kear mei foar hiel 2026. De oanfraach is ûndertusken de doar út!
- Inkelde opfallende saken út de media:
- de provinsje is unanym akkoard gien mei de ferbreding fan de kearndoelen foar it Frysk: neist oandacht foar de taal, komt der ek oandacht foar de bining mei de Fryske identiteit en kultuer.
-tip: gean nei nijsbrief@goeie.frl, dan fynst in grut ferskaad oan nijsgjirrichheden oer it Frysk en Fryslân. De side is in inisjatyf fan De Fryske Beweging.
-It bestjoer waard tipt oer de Ingelske Simon Vinkenoog. As YouTuber jout er yn syn fideo’s in soad oandacht oan Fryslân en de Fryske taal. Hy hat sa’n heal miljoen folgers en jout dêrmei de Fryske saak in positive stimulâns..
- Omfreegjen: Gjin reaksjes.
- Karst Berkenbosch nimt ús mei op ien fan syn kuiertochten by Fryske skânsen lâns. It earste diel giet oer de 106 km lange eastlike lus. Hy brûkt as ‘Stellinwarver’ yn syn powerpoint presintaasje sels de Fryske taal.
- Skoft
- De twadde ronde mei Karst. No kriget de 125 km lange westlike lus alle oandacht. Moaie bylden en in betûft sprekker meitsje it ta in boeiend gehiel.
- De foarsitter betanket Karst Berkenbosch foar syn nijsgjirrige bydrage oan ‘e jûn en rikt him it slúfke ta.
- De foarsitterswiksel: Frits Bloem draacht de lieding oer oan Jaring de Groot. Foardat dit konkreet bard, betanket hy de leden foar harren trouwe opkomst de ôfrûne 7.5 jier, it bestjoer foar de tige goeie en plezierige gearwurking en Auke Steensma foar syn bydragen oer de aktualiteit fan de Frysk yn de media en de tips foar iepening fan de jûnen. Jaring de Groot sprekt út namme fan de krite tank út foar de jierenlange tagonkelike en belutsen wize wêr’t op Frits it foarsitterskip ynfolling joech. In kadobon en in blomke wurde oanbean.
- De nije foarsitter ropt Connie en Herman nei foaren en biedt harren in blomke oan foar de noflike gearwurking it ôfrûne seizoen. We rekkenje wer op harren nei it simmerskoft.
- Ôfsluting: de nije foarsitter sprekt in wurd fan tank út foar it kommen. De doarpskuier fan 18 april o.s. û.l.f. Siebe Siebenga is yn it Omtinkerke mei de nedige ynformaasje beneamd.
Ferslach fan de kritejûn op tongersdei 19 febrewaris 2026
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich sa’n 40 persoanen
- Wolkom troch de foarsitter oan
- de leden/nije leden
- de gasten
- Gerbrich de Jong en Martijn Kingma
- Iepening: de taljochting foar de jûnstsjinst mei it Kwartettekoar op 15 maart o.s. is it útgongspunt foar de iepening.
- Fanút it bestjoer:
- It bestjoer is drok dwaande mei it programma foar 2026-2027. It belooft wer in prachtich en ferrassend gehiel te wurden.
- Der is in oerlis west op it gemeentehûs oer de subsydzje foar it 2e part fan ús programma. Wy ha der in goed gefoel oer.
- Inkelde opfallende saken út de media:
- In grutte kop yn it Deiblêd: 'Mooie woorden over het Fries, maar weinig daden van de minister'.
- Fryske plaknammen. As wy it Frysk sichtber en akseptearre meitsje wolle, moat de plaknammen boppe-oan op ‘e buorden is de miening fan de kop yn it Deiblêd.
-In pracht útspraak fan ús nije berneboekenambaasadeur Linda de Haan fan Burgum: Lêswille is de springplanke nei libbenslok. Dat wol hja de kommende 3 jier útdrage!
- Omfreegjen: Gjin reaksjes.
- Gerbrich de Jong fertelt oer har promoasje ûndersyk nei Fryske oansprekfoarmen. 'Do' en 'jo' binne mar lytse wurdsjes, mar se sizze in soad oer minsklike ferhâldingen. Dat makket oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk.
- Gerbrich wurdt betanke foar har boeiende lêzing en dat wylst de beamer problemen joech. Har ymprovisaasje talint hat se dúdlik blike litten. De foarsitter winsket har in goede thúsreis ta.
- It beneamen ta earelid: Pier Bergsma wurdt fanwegen syn grutte fertsjinste foar de Krite troch de foarsitter beneamd ta earelid. De foarsitter motivearret de kar fan it bestjoer en sprekt wurdearjende wurden nei him út. Pier kriget blommen, in oarkonde en in prachtich speldsje mei it logo fan de Krite útrikt.
9. Skoft
- Martijn Kingma kriget it wurd. Hy is meiwurker oan de Fryske Akademy en de Universiteit fan Amsterdam. Syn prissentaasje giet oer feroaringen yn de útspraak fan it Frysk. Ek hjir makket de technyk it foar de sprekker lestich. Nei ôfrin kin de foarsitter him dochs tanksizze foar syn moaie en dúdlike lêzing.
- Ôfsluting: De foarsitter beneamd noch efkes de tsjinst fan 15 maart o.s. mei it Kwartettekoar en de kritejûn op 26 maart mei Karst Berkenbosch (syn ûnderfiningen fan de kuier oer it Fryske skânsenpaad). Ek sil dan de foarsitterswiksel plakfine. Oer de doarpskuier fan 18 april o.s. û.l.f. Siebe Siebenga komt meikoarten in Omtinkerke mei de nedige ynformaasje.
Ferslach fan de jiergearkomste op tongersdei 15 jannewaris 2026
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich rom 40 persoanen
- Iepening en wolkom troch de foarsitter oan de oanwêzige leden, gasten en oan it muzykduo Donkey Tandem (Dries Woudstra en Dictus Hoogsteen). It iepeningswurd is nei oanlieding fan it haadartikel fan Henk van der Laan út it Frysk Deiblêd fan 31 desimber 2025: Sa’t wy binne, sa wurdt 2026.
- Fanút it bestjoer:
- We sjogge werom op in goed jier 2025 mei in ferskaat oan ûnderwerpen ferdield oer de ferskillende Fryske tema’s.
- It bestjoer sil op 12 febrewaris al wer te set oer it programma 2026-2027. De tiid hat leard om dêr mar op tiid mei te begjinnen.
- It foarstel om te stopjen mei de saneamde “spantsje” koarting wurdt foarlein oan de leden. De gearkomste giet akkoard mei it foarstel
- Foarsitter en skriuwer sitte meikoarten yn oerlis op it gemeentehûs foar in taljochting op ús subsydzje.
- Inkelde opfallende saken út de media:
- Under de titel Taal yn it provinsjaal bestjoer gie Hester Terpstra út Harns op ûndersyk út yn it kader fan in masterstúdzje. De saken dy’t út it ûndersyk oan it ljocht komme wurde troch de foarsitter beneamd.
- Omfreegjen: Gjin fragen.
- 1e ronde Donkey Tandem. It duo bringt moaie Frysktalige lieten foar it fuotljocht. Ek histoaryske persoanen út de regio, lykas IJe Wykstra en Aan Rus, krije in plakje yn ‘e lieten.
- Skoft mei gebak.
- Ofskie en it bedankjen fan Eelke Boonstra as bestjoerslid/skathâlder. As tank oerlanget de foarsitter him in boekenbon en in bosk blommen. Der binne gjin tsjinkandidaten ynbrocht, dus wurdt Leo Groen beneamd ta de nije skathâlder fan de Krite fan Burgum.
- 2e ronde Donkey Tandem. Wer in moaie ronde mei ferskes oer leafde, libben, gelok, fertriet, jong en âld, boeren, boargers en bûtenfolk!
- De foarsitter sprekt in wurd fan tank út oan it muzikale duo Dries Woudstra en Dictus Hoogsteen.
- Ôfsluting. De foarsitter wiist elkenien noch op de kommende gearkomste fan 19 febrewaris o.s. as twa jonge taalwittenskippers út Burgum de jûn fersoargje sille. Gerbrich de Jong oer har ûndersyk nei oansprekfoarmen en Martijn Kingma oer in taal dy’t beweegt, lykas ek de útspraak.
Ferslach fan de kritejûn op tongersdei 27 november 2025
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich sa’n 50 persoanen
- Iepening en wolkom troch de foarsitter. Ek yn it bysûnder oan de gasten yn it fermidden en oan Sippy Tigchelaar dy’t de lêzing fersoargje sil. De foarsitter beneamt de bondel “De wijsheid van bloemen”, meinammen it haadstik “Jou de hope nea op!”
- Meidielings fanút it bestjoer: Gjin meidielings.
- Inkelde aktualiteiten:
- In nijsgjirrich berjocht oer de Harkemase Boys, in fuotbalklup dy’t alle war docht foar de Fryske taal. Se pakke dêrmei it
Sportpark oan. Spilers fan bûten sjogge earst efkes raar om harren hinne, mar al mei al kin eltsenien it wol wurdearje.
- Ridend op de Wâldwei rjochting Burgum, folgje wy by de ôfslach no net langer mear it buordsje Uit mar Út.
- Jan Ybema skriuwt yn syn kommintaar fan it Deiblêd: De leafde foar it Frysk moat fan 2 kanten komme. Taalbelied is eins in
saak fan minsken ûnderling: it kiezen en brûken fan de taal. Dit te mear om’t de oerheden harren taal yndizzen net al te
serieus nimme.
- It Fryske boekewike geskink ‘Oan ‘e ein fan de Oere’ fan Anne Goitske Breteler is binnen in heale al wike útferkocht. Dêr kin gjin
beliedsstik of bestjoers-ôfspraak tsjin op.
- It rûnfreegjen: Gjin bysûnderheden.
- Sippy kriget it wurd: wy kinne Sippy fan de ferslachjouwing fan it skûtsjesilen, har reedryd karrière en har wurksum bestean as lifestile coach. Sippie fertelt oan de hân fan dia’s en filmkes oer har boek ‘Schippersvrouwen, verhalen boven water’. Yn it boek stiet it libben fan 15 skippersfroulju oan board fan in skûtsje sintraal.
- Skoft.
- 2e ronde mei Sippy. Sippy fertelt op oandwaanlike wize oer it hurde bestean fan dizze froulju en de sintrale rol dy’t hja spilen yn it deistich bestean op in skûtsje.
- In wurd fan tank troch de foarsitter Frits Bloem. Útrikken fan de slúf oan Sippy.
- Ôfsluting. De foarsitter wiist elkenien op de jiergearkomste fan 15 jannewaris 2026. Dit belooft in tige gesellige jûn te wurden mei de musykmannen fan Donkey Tandem. Se ha krekt harren 40 jierrich jubileum fierd. Fansels is er dan ek kofje/tee mei gebak! Wolkom dus!
Ferslach fan de kritejûn op tongersdei 23 oktober2025
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich sa‘n 45 persoanen
- Iepening en wolkom troch de foarsitter, meinammen ek oan de sprekker fan dizze jûn Ids Willemsma.
De foarsitter iepent mei wurden nei oanlieding fan in stik yn ‘e Trouw fan 8-10-2025 oer Anke Bijlsma (de mem fan Anna-Goaitske Breteler). Tema: de djipgong fan de wurden leafde en treast.
- Der binne gjin meidielings fanút it bestjoer.
- Inkelde aktualiteiten:
- Ûndersyk hat oantoand dat it behearskjen fan de iene taal helpt by it oanlearen fan in oare taal (lanlike ûnderwiisrie). Dit is ek de reden dat bygelyks it ISK te Ljouwert romte biedt oan Arabyske en Turkse taal.
- Der wurde op adfys fan Dingtiid (adfysorgaan foar it Ryk) prikken yn it wurk steld om te kommen ta in ‘Kennistafel voor het Fries’. Doel: direkte tagong ta it Ryk om de ôfstân tusken Den Haag en Fryslân lytser te meitsjen en om it Frysk in lykweardige posysje te jaan t.o.f. it Nederlânsk.
- It Frysk yn de iepenbiere romte: it Frysk is mear as taal. It ferbynt mei de eigen krite/kultuer. Klanten wurdearje de kommunikaasje yn eigen taal, it ferbettert de klantenbining, it befoarderet de tagong nei de lokale mienskip en it fersterket de Fryske identiteit.
- Ta beslút: mear jonge húshâldings brûke it Frysk.
- It rûnfreegjen: Jan Jongsma referearret nei it ferstjerren fan Betze Stienstra (95 jier âld). Hy wie de grûnlizzer en bouwer fan de Folks Hege Skoalle op Skylge en tagelyk ek de earste direkteur. Yn ieren en sinen op en top Frysk.
- De earste ronde mei Ids Willemsma.
Ids Willemsma (73) makket keunst, skriuwt gedichten en is in sport- en natuerman. Syn Timpeltsje op de seedyk by Marrum is byldbepalend. Mar ja, altyd mar wer dy twifel, sa ‘t er sels seit! Hy beneamt de minne start fan syn libben: dauwjirm. As poppe in healjier yn it tsjuster lein as terapy. Hy miste alle foarmen fan hechting. Yn syn libben waard er kleinearre, ûnderoaren troch skoalmasters en syn heit. It hat him striidber makke, ek al hat er syn libbenlang der lêst fan hân. Hy fertelt hoe’t er keunstner wurden is en besprekt in tal fan syn keunstwurken.
- Skoft
- De twadde ronde mei Ids. Ek hjir wer in moai ferhaal mei in soad humor. De sprekker giet de emoasje net út ‘e wei. Al mei al in yndrukwekkende presintaasje oan ‘e hân fan dia’s en modellen.
- In wurd fan tank oan Ids Willemsma.
- De foarsitter wiist de gasten op de kommende jûn fan 27 novimber oansteande. Sippy Tichelaar sil dan fertelle oer it hurde libben fan 15 froulju op in skûtsje. In wurd fan tank foar de oanwêzigens en ta beslút hjit de foarsitter elkenien wol thús.
Ferslach fan de kritejûn op tongersdei 18 septimber 2025
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich sa'n 37 persoanen
- Iepening en wolkom troch de foarsitter ek oan de gasten om útens.
De jûn wurdt iepene mei in tekst út it Lieteboek nr. 797.
- Meidielings fanút it bestjoer:
- Leaf en Leed: ús lid Annie Engel is definityf ferhuse nei it fersoarchingstehûs De Lijte yn Oerterp en no lid ôf. Ea wolkom hjitten as 100e lid en yn ‘e blommen set.
- It hinnegean fan Evert Bergsma. Amper in jier lid.
- De lokwinsken foar Jan en Pytsje Jongsma by harren 60 jier troud wêzen.
- Wy binne bliid dat wy in nije skathâlder foarstelle kinne: Leo Groen fan de Legewei. In finansjeel ekspert. Yn novimber folgje wy de winstige preseduere.
- Inkelde aktualiteiten:
- De 39e Gysbert Japicx Priis 2025 (sûnt 1947 útrikt), de priis foar dit kear poëzij: gie nei Elmar Kuiper (soan fan Henk Kuiper en Akky van der Veer. Wy ha him ek op ús groslist fan ideeën set.
- Foar de safolste kear in wittenskiplik feit, dit kear fan de lanlike Ûnderwiisrie: de thústaal helpt by it learen fan bygelyks it Nederlânsk.
- Skathâlder Eelke Boonstra kriget it wurd oer it fierde finansjeel belied fan 1 septimber 2024 – 1 septimber 2025 mei de nije begrutting. De kaskommisjeleden R. Dijk en M. Rozendal hawwe tekene foar akkoard en de seal ferlient de skathâlder desjarzje.
- Rozendal giet dit jier ôf as kaskommisjelid en foar him yn it plak wurdt Jappie Talma beneamd.
- Algemien rûnfreegjen. Gjin reaksjes.
- 1e ronde mei de ynspirearjende lêzing fan Pieter Duijff oer de herkomst fan Fryske plaknammen.
- Skoft en it boek fan Pieter ‘Der dy namma fan heten is’ is te keap.
- 2e ronde mei Pieter Duijff. Ek yn dizze ronde lit de spreker wer syn ferskaat oan kennis en kunde sjen.
- Tankwurd en ôfsluting: Pieter wurdt in boekenbon oanbean. It wie tige nijsgjirrich.
De folgjende Kritejûn sil op 23 oktober plakfine. Ids Willemsma fertelt dan oer syn keunstwurken en dichtwurk.
Foto's fan dizze jûn binne op de website te sjen ûnder de kop Foto's.
Ferslach fan de besite oan Scherjon’s klompmakkerij en Klompemuseum op sneon 19 april 2025
Sneontemoarn 19 april 2025 fûn de ôfsluting fan it jierseizoen 2024/2025 plak. It sintsje wie der noflik by en we krigen in rûnlieding by de klompmakkerij fan Scherjon yn Noardburgum.
Nei it wolkomstwurd troch foarsitter Frits Bloem folge der in demonstraasje oer it meitsjen fan klompen. Wykliks wurde der noch 200 oant 300 pear klompen makke yn de wurkpleats.
Hjirnei wie it tiid foar de kofje/tee mei oranjekoeke. As ôfsluting wie der noch alle tiid om it klompemuseum te besjen.
Ek it oanpealjende Fierljepmuseum mei de springskânsen wie in besite wurdich. De skiednis, de ûntwikkeling en de takomst fan it fierljeppen stie dêr útnoegjend útstald. Al mei al in moaie kulturele moarn!
Nei dizze jier ôfsluter is it wachtsjen op it nije seizoen. Sa ’t de foarsitter opmurk: “Der leit wer in moai en ôfwikseljend programma op jimme te wachtsjen”.
Ûnder de kop 'Foto's' op dizzy webside binnen in tal foto's fan dizze gearkomste werom te finen.
Henk Vriesema
Ferslach fan de kritejûn op tongersdeitejûn 27 maart 2025.
Plak: Martinushûs, Hillamaweg 39 yn Burgum
Tiid: 20.00 oere
Oanwêzich: sa 'n 40 persoanen
- Iepening en wolkom troch de foarsitter:
In bysûnder in wurd fan wolkom is der foar ús nije leden: Greetje en Douwe Cuperus- De Jong en Geertje Stelwagen-Bergsma. Dat bringt it ledetal op 122.
Fansels ek oan Hessel de Walle dy’t jûn de lêzing fersoarget.
Foar it iepeningsliet hat de foarsitter yn de ChatGPT inkelde kearnbegrippen oer de maitiid ynbrocht en frege om in liet. It risseltaat:
De maitiid komt, in sêfte koelte.
Mei ûntlûkend grien yn elke strjitte.
Lamkes huppelje, in fleurich gesicht
De natuer wurdt wer libben,
en sy is sa grutsk.
De fûgelsang, in symfony.
Yn de beammen, heech en frij.
Mei in glimk op myn gesicht.
Genietsje ik fan it sintsje, hearlik ticht.
Bûten sitte, ûnder de blauwe loft.
De wrâld sykhellet, fol fan nocht.
De skepping toant har pracht en praal.
De maitiid libbet yn elke nacht.
- Meidielings fanút it bestjoer:
- In wurd fan tank oan de redaksje fan Drachtsterkrante dy’t graach ús jûnen ûnder oandacht bringt.
- In goed weromsjen op wer in pracht fan in Kantatetsjinst meit it Kwarttetekoar. 15 maart 2026 binne se wer fan de partij.
- Foar ús programma 2025-2026 stiet alles omtrint yn ‘e steigers. We moetsje iepen doarren at it giet om it fersoargjen fan in jûne foar ús Krite.
- Liuwe Westra hat frege hoe’t it gie mei de Fryske eleminten yn de earetsjinst n.o.f. ús gemeentejûn. Der is him tasein dat wy it initiatyf nimme sille om mei de tsjerkerie te evaluearjen.
- Op ús earstfolgjende bestjoersgearkomste sille wy prate oer wat wy dogge mei it fêststelde belied oangeande eareleden en donateurs.
- Koart ynsoch út de aktualiteit:
- Yn de artikelsery VRIJHEIDSSTRIJDERS hie Geart de Vries in moai ferhaal oer Tiny Mulder.
- Ferskillende twaddekeamer fraksjes fiterje de minister oan ta konkretre aksjes foar de Fryske taal. Se hawwe it oer: gebrek oan ambysje, dreech reagearje en net yngean op oanbefelingen fan it adfysorgaan Dingtiid.
- It Frysk krijt oan de RUG wer in learstoel Frisistyk. Dat is tige wichtich foar ús taal.
- Yn it kader fan it Taalplan Frysk 2030 kinne de skoallen de kommende 2 moannen in subsydzje oanfreegje foar it fersterkjen fan harren taalbelied. Der € 600.000 beskiber.
- Algemiene rûnfraach. Der wurdt frege nij de begjintiid fan ús útstapke nei Scherjon. De tiden binne fan 10.00 oere oant 12.00 oere. Der komt noch in Omtinker.
- 1e ronde mei Hessel de Walle:
Hessel de Walle hat it boek "Friese vrouwen in het verzet" skreaun, wêryn't er de rol fan Fryske froulju yn de Twadde Wrâldoarloch yn it ferset beljochte. It boek biedt in oersjoch fan de moedige en wichtige bydragen fan dy froulju, dy't faak yn it skaad wurken, mar in essinsjele rol spilen yn de fersetsbewegingen tsjin de Dútske besetting. Yn it boek wurde ferskate persoanlike ferhalen ferteld fan froulju dy't belutsen wiene by it ferset, fan it helpen fan Joaden oant it jaan fan ûnderdak oan fersetsstriders of it smokkeljen fan ynformaasje. De Walle sketst dêrmei in ryk en minsklik byld fan de impact fan dizze froulju yn in drege tiid, en it beklammet har moed en trochsettingsfermogen. It is in wichtich wurk, net allinne foar de skiednis fan Fryslân, mar ek foar de bredere Nederlânske oarlochsskiednis, omdat it de faak fergetten bydragen fan froulju yn it ferset beljochte.
- 2e ronde mei Hessel de Walle.
De ferskillende rollen dy’t de fersetsfroulju spile ha wurde beljochte. De namme Klaske Douma út Burgum en har rol yn it ferset kriget ekstra oandacht. Meinammen it feit dat in tal fan de fersetsfroulju keazen foar in libben sûnder man en gesin.
Maatskiplike ûnôfhinklikheid en it behâlden fan harren wurk en karriêre spilen yn in soad gefallen in rol
- Dankwurd foar de ynlieder troch it oerhandigjen fan in slúf mei ynhâld.
- De foarsitter wiist elkenien op ús útstapke fan sneontemoarn 19 april o.s. Yn in Omtinker krije de leden mear ynformaasje oer it hoe en wat en hoe oan te melden. Wa’t € 10 p.p oermakket is ek tagelyk oanmeld. Gasten binne wolkom.
Der wurdt efkes stilstien by it feit dat Connie en Herman altyd klear stean oangeande de lokaasje, de kofje en de thee. Der wurdt har troch de foarsitter in blomke as tank oanbean.
Ôfslutend in wol thús en oant 19 april o.s.
Henk Vriesema
---------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
FERSLAGGEN KRITEJÛNEN
Ferslach Fryske Krite Burgum – 20 febrewaris 2025
Plak: Martinushûs, Burgum
Oanwêzich: likernôch 80 kriteleden en belangstellenden
- Iepening
Foarsitter Frits Bloem iepenet om acht oere de gearkomste en hjit elkenien wolkom. It bestjoer hie op sa’n 60 minsken rekkene mar der is sprake fan in folle hegere opkomst.
In spesjaal wurd fan wolkom is der foar Anne-Goaitske Breteler en foar de nije leden: Anton en Klaske Hartwig, Joeke van der Heide, Evert Bergsma, Seije Herke Brinkman, Harry en Annemarie Kingma, Alie Veenstra-Westra en Jellie Veenstra, Jon Sierksma en Yvonne Winius. Dêrmei komt it ledetal op 120!
De foarsitter sprekt it fertrouwen út dat hja harren hjir gau thús fiele sille by de krite en genietsje sille fan de moaie jûnen.
Gasten yn it fermidden betelje foar dizze jûn 5 euro of wurde, mei yngong fan it nije seizoen, lid foar 15 euro it jier. Dizze en de kommende jûnen fan dizze seizoen binne dan fergees.
Dêrnei folget in tekst út it Lieteboek, nû. 840 oer it finen fan de wei fan frouwe Wiisheid.
- Koart omtinken foar de aktualiteit
- In gearfetting út it haadartikel fan 6 febrewaris yn it FD fan Jan Ybema oer it ynfieren fan twatalige ferkearsbuorden mei yngong fan 2026. Mear as symboal polityk! It makket in lytse taal sichtber yn de iepenbiere romte en docht de sosjale prestiizje fan de taal goed en dêrtroch it tanimmen fan it brûken fan de taal. Dit lêste bliuwt de wichtichste faktor foar it fuortbestean fan de Fryske taal.
- Doe’t boargemaster Jeroen Gebben by in besite oan in 100-jierrige frou seach dat hja muoite hie om har yn it Nederlânsk te uterjen en hy oanjoech dat hja ek wol Frysk prate koe, joech hja as beskie dat it gebit der dan ek wol út koe. Taal ferbynt!
- Jubileumjûn 16 jannewaris 2025
Frits Bloem sjocht koart werom op de jubileumjûm fan 16 jannewaris yn de Krústsjerke. It wie in moaie jûn mei bydragen fan wâldsjonger Marcel Smit en polityk sjoernalist Onno Falkena. Ek hjir wer in prachtige opkomst.
In wurd fan ekskús foar it feit dat net alles goed fersteanber wie troch de mear as goede akoestyk yn de tsjerke. Ek wie it oan de kâlde kant. Dizze punten wurde meinommen by de organisaasje fan it jubileum oer 5 jier.
- Belied eareleden/leden fan fertsjinst en stipers
Motivaasje en fêststelling fan belied oangeande it beneamen fan eareleden en leden fan fertsjinst en stipers yn it Húshâldlik Reglemint. Beide regelingen binne earder tastjoerd wurden oan de leden.
Wat it beneamen fan eareleden/leaden fan fertsjinst oanbelanget: dit wie oant no ta noch net fêstlein yn it Húshâldlik Reglemint.
Wat stipers oanbelanget: mochten de subsydzjes tebekrinne, dan kin de krite neffens it opstelde stipersbelied hannelje en sa besykje it ledejild leech te hâlden.
De oanwêzigen stimme mei beide regelingen yn en it belied wurdt fêststeld.
- Bestjoersferkiezing
Ofgeand binne Seppy Sierksma (notuliste) en Frits Bloem (foarsitter).
De foarige kritejûn is al oanjûn dat it bestjoer foarstelt om Henk Vriesema te beneamen yn de fakatuere fan Seppy Sierksma en Jaring de Groot as opfolger fan Frits Bloem.
Jaring de Groot is ree om yn de gearkomste fan septimber 2026 it foarsitterskip oer te nimmen.
Oant in wike foar dizze ledegearkomste hiene de leden it rjocht om mei tsjinkandidaten te kommen. Skriuwer Sake Postma jout oan dat dat net it gefal west hat. Dêrmei binne de beneamingen in feit.
- Rûnfreegjen
Nimmen hat wat foar de rûnfraach.
- Anne-Goaitske Breteler oer har boek ‘De laatste dagen van de dorpsgek’
Dit is de twadde kear dat de krite Anne-Goaitske ferwolkomje mei as gastsprekker. De foarige kear wie har boek ‘De traanjagers’ oer de walfiskfeart yn de fyftiger en sechstiger jierren it ûnderwerp, dizze kear is dat har boek ‘De laatste dagen fan de dorpsgek’.
Dit boek is it resultaat fan in 6 jier duorjend ûndersyk nei de geastlike sûnens op it plattelân. Oanlieding wie in petear mei in befreone psychiater dy’t oanjoech dat der grutte ferskillen tusken pasjinten yn ‘e stêd en op it plattelân te merkbiten wiene en dat der eins ûndersyk nei dit fenomeen dien wurde moast. Dat hat Anne-Goaitske op har nommen.
Omt it om in breed tema giet en der in yngreven ûndersyk dien waard troch Anne-Goaitske, wie der in soad ynformaasje foarhannen. Har mem stelde foar om ticht by harsels te begjinnen. En sa kaam hja by har oeroerpake sjoernalist en skriuwer Reinder Brolsma telâne. By syn libben hie er al pyschyske problemen en benammen de lêstse jierren foar syn libben wie er swiersettich en hat er himsels yn 1953 tekoart dien. Troch syn famylje is dêr noait oer praat wurden.
Anne-Goaitske woe it taboe trochbrekke en hat har beppe derop befrege. Dy woe der earst neat fan witte mar kaam der letter op werom en liet in mapke mei oantekeningen fan har âlders sjen. Dêryn waard ek wat oer de psychyske tastân fan Reinder beskreaun. Der waard, neist it reguliere soarchoanbod, ek in berop dien op in magnetiseur. In pear jier foar syn dea hat er, as gefolch fan in ûngemak, ek noch shockterapy hân.
It swijen oer psychyske problemen wie gjin útsûndering, mar earder regel. Ek no, sa’n 70 jier letter, kinne wy ús ôffreegje oft it taboe op mentale problemen net noch altyd fan tapassing is.
Statistiken fan 2021 litte sjen dat minsken út ‘e stêd mear oanspraak meitsje op geastlike sûnenssoarch as minsken fan it plattelân. Neffens it CBS is it stigma op mentale problemen grutter yn de bûtengebieten en wiist it oan as ien fan de oarsaken foar de opfallend hegere selsdeadings-oantallen yn de plattelânsregio’s.
Nei oanlieding fan dizze sifers is Anne-Goaitske op syk gien nei ferhalen achter it taboe fan geastlike sûnens. Hja is yn petear gien mei bewenners fan it plattelân en is yn (famylje)argiven en pasjintedossiers dûkt.
De bining mei de grûn en de agraryske kultuer wurket faak noch troch yn de hjoeddeistige agrariër, mear as earder tocht waard. Lokkich binne der no ynstânsjes dy’t omtinken ha foar ‘agrosuïside’ (top 3 fan beroppen). Fan it LTO út binne der tsjintwurdich ‘erfbetreders’ dy’t dat yn ‘e gaten hâlde.
Anne-Goaitske makket dizze jûn mei de krite, û.o. oan ‘e hân fan anekdoates en bylden, in reis troch de tiid fan earmoede by de fiskersfroulju en bewenners fan de spitketen, alkoholisme by de feanarbeiders, de ferantwurdlikens fan de âldste soan op in pleats, it jok fan de frou, de ûntwikkeling binnen de sûnenssoarch, de plakken dêr’t minsken teplak koene dy’t geastlik siik wiene en it leauwen. Ek lit se foto’s sjen fan ‘doarpsgekken’ dêr’t de mienskip noed foar stie: minsken mei in beheining dy’t bygelyks betelle wurk diene foar de gemeente of jirpelskilen ophellen dy’t brûkt waarden as feefoer. Der waard troch de mienskip op dizze minsken past.
Oan ‘e ein fan har ferhaal freget se har ôf oft etiketten lykas autisme en ADHD ek net faak op ússels fan tapassing binne. Hja ferget ús op ús ferantwurdlikheidsgefoel en ropt op ta petearen oan de keukentafel en it trochbrekken fan taboes. Dat is hjoed-de-dei noch mear nedich as foarhinne yn ferbân mei de desintralisaasje fan de ggz (in soad foech by de gemeenten en te min jild dêr foar) en de yndividualisearring.
Lit sjen dat it net altyd goed giet yn it libben en dat it wichtich is om jin te uterjen!
De ynlieding fan Anne-Goaitske Breteler wurdt ôfsletten mei de wurden fan Jan Jongsma: Ik bin fan fan dy. En dat jildt nei alle gedachten foar de measte oanwêzigen!
- Tankwurd en ôfsluting
- Foarsitter Frits Bloem seit Anne-Goaitske hertlik tank foar har ferhaal en oerhandiget har neist in roas ek in pear Fryske sokjes foar har krekt berne jonkje.
- Seppy Sierksma wurdt tank sein foar har ynset foar de krite en de foarsitter memorearret noch efkes it ûntstean fan de gearwurking: it earste kontakt dêroer wie by de reüny yn 2019 by it opheffen fan de basisskoalle yn Reitsum, dêr’t Frits master en Seppy learling west hat.
Ek kamen de teksten fan de krite dy’t nei bûten geane noch even oan ‘e oarder: dat koe net sûnder dat se fia Seppy rûnen foar korreksje. Ek nei Seppy har fertrek kin der eventueel in berop op har dien wurde. Hja krijt in moai boeket mei in boekebon foar har konstruktive ynset.
- De foarsitter wiist noch op de kommende aktiviteiten yn maart: 16 maart Fryske jûnstsjinst mei it Kwartettekoar en 27 maart in kritejûn mei Hessel de Walle oer syn boek ‘Vrouwen van het Friese verzet’.
Tank foar it kommen en wol thús!
Sep
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Ferslach Jubileumgearkomste Fryske Krite Burgum
Datum: 16 jannewaris 2025
Plak: Krústsjerke yn Burgum
Tiid: 20.00 – 23.00 oere
Oanwêzich: sa’n 100 persoanen
Neidat elkenien foarsjoen is fan kofje of tee, iepenet de foarsitter fan de Fryske Krite, Frits Bloem, de gearkomste mei in wurd fan wolkom oan de kriteleden, de gasten en fertsjintwurdigers fan it Nut, krite Trynwâlden, OPA, Doarpsbelang Burgum, Protestantske Gemeente Burgum, Frysk Boun om Utens, Jong Fryske Mienskip, Krúspunt en it Bogerman Kolleezje. Dêrneist wurde wâldsjonger Marcel Smit en ynlieder Onno Falkena fan herte wolkom hjitten.
Dizze jûn wurdt it 70-jierrich jubileum fan de Fryske Krite Dr. G.A. Wumkes betocht. De Krite is hjir tige grutsk op en fynt it mear as wurdich om by stil te stean en dat te fieren!
Yn it 70-jierrich bestean hawwe der soargen west oer de takomst fan de Krite, mar troch de ynset fan in hiele rige bestjoerders is it goed kommen en hat de Krite op it stuit 109 leden. Wa wit nimt dit tal nei dizze jûn noch ta!
Foarsitter Bloem memorearret noch efkes Dr. Wumkes. Yn ‘e folksmûle wurdt de krite altyd de Krite fan Burgum neamd, mar de offisjele namme is: Fryske Krite Dr. G.A. Wumkes.
Dr. Wumkes wie teolooch, bibliotekaris fan de Provinsjale biblioteek, hertstochtlik strider foar de idealen fan de Fryske Beweging en ek ien fan de oprjochters fan it Kristlik Frysk Selskip. As libbenswurk kin syn oersetting fan de Bibel yn de memmetaal sjoen wurde. Yn 1933 waard it Nije testamint oplevere en 10 jier letter de folsleine Fryske Bibel.
Bloem neamt ek Wumkes syn earste Fryske preek op sein 3 jannewaris 1915. Hy oerfoel de tsjerkerie fan de herfoarme tsjerke fan Tsjom doe mei de wurden: “Moarn bruorren, ik woe hjir fan ‘e moarn mar yn it Frysk preekje”. De tsjerkerie fersette him net, dus dat gie oan. Hy wie amper begûn of der rûn in âld wyfke de tsjerke út en spuide raar guod mei te sizzen: “It is fan ’e moarn komeedzje yn ‘e tsjerke”.
Foargeande wurdt oanhelle omdat de tsjerke in reade tried yn de doelstelling fan de Krite is. 11 april foarich jier hat de Protestanske Gemeente fan Burgum, yn gearwurking mei de Fryske Krite, in gemeentejûn hân û.l.f. ds. Liuwe Westra oer mear Fryske eleminten yn de earetsjinst. Hjir waard posityf oer tocht en dat is no ferwurde yn in stikje belied! Alle sneinen kinne wy it resultaat fernimme. Yn dit ramt is in útspraak fan ds. Wumkes sprekkend: as wy de tsjerke fan it goed rjocht fan ús taal oertsjûgje kinne, dan hawwe wy de taalstriid wûn! En wat is der moaier as it boadskip fan de heit te hearren yn de taal fan mem.
De Krite set him yn foar it behâld en fersterkjen fan de Fryske taal en kultuer. De jûnen dy’t der jierliks organisearre wurde, ûnderstypje dit doel. Der wurdt besocht al dy aspekten rjocht te dwaan: taal, literatuer, natoer, skiednis, muzyk/sang en in kultureel útstapke. De jûnen wurde wurdearre en goed besocht.
Mei troch stipe fan de gemeente Tytsjerksteradiel, OPA en de Douwe Kalma Stifting is de Krite ek yn steat goede sprekkers oan te lûken. Bloem seit harren tige tank dêrfoar en hopet dat dy stipe de kommende jierren fuortset wurdt.
Om’t it hieltyd wer slagget farsk bloed yn it bestjoer te krijen, is der alle betrouwen yn de takomst. De Krite set foarearst yn op it 75 jierrich jubileum!
No earst wurdt der in fijne en gesellige jûn fan makke. In jûn dy’t yn it teken stiet fan MOETING, FERDIVEDAASJE EN YNFORMAASJE!
Nei dizze ynlieding wurdt Wâldsjonger fan de gemeenten Tytsjerksteradiel en Achtkarspelen, Marcel Smit út Burgum, wolkom hjitten mei in grut applaus.
Hy traktearret de oanwêzigen op in oantal fan syn bekende lieten lykas De Westereen, Laaggeletterdheid, Underweis (nei oanliedingen fan de nij útbrochte gids mei doarpskuiers yn de gemeente Tytsjerksteradiel), Stjoerman (oer Bulthuis) en Omstekeard (in wurd dat ûnderwilens opnommen is yn it Frysk wurdboek).
Hjirnei kriget Omrop Fryslân-ferslachjouwer Onno Falkena it wurd oer it Frysk yn it brede spektrum fan polityk en bestjoer op ferskillende nivo’s. Benammen de BFTK (Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer) kriget omtinken. Yn it BFTK is fêstlein hoe’t it Ryk en de Provinsje Fryslân yn de perioade 2024-2028 wurkje oan de beskerming en befoardering fan de Fryske taal en kultuer.
De Fryslannen op in rychje: de Nederlânske provinsje Fryslân (661.904 minsken), Ostfriesland yn Niedersachsen (650.00 minsken), Nordfraschlön/Nordfiesland, kreis yn Sleeswyk-Holstein (170.000 minsken), Saterland/Seelterlound, gemeente yn Niedersachsen (14.000 minsken). Dizze Fryslannen kenne in hiele lange skiednis: ôffurdigers fan de Fryslannen kamen yn de tolfde en trettjinde iuw yn Aurich byinoar om rjocht te sprekken, besluten te nimmen en sa nedich harren autonomy te ferdigenjen. De Friezen makken yn de midsiuwen harren eigen wetten en der wiene mienskiplike ynspannings foar terpen, diken en polders.
Yn 1955 waard yn Aurich by de Upstalbeam in mienskiplik Frysk manifest oannommen dat yn it teken stie fan de Europeeske gearwurking.
Yn 1956 waar de Friesenrat oprjochte. Doelstelling wie de ferbining tusken Fryske lânstreken en de Friezen oer de hiele wrâld op alle terrein te befoarderjen en fuort te sterkjen.
Yn 2006 waard de ferklearring fan Leck ûndertekene: taal, kultuer en identiteit bewarje yn Europa en Friezen yn Dútslân en Nederlân stypje inoar.
Mei berop op 2 ferdragen fan de Ried fan Europa: it Europeesk Hânfest foar regionale en minderheidstalen en it Ramtferdrach foar nasjonale minderheden.
De Fryslannen sprekke ta de ferbylding. Dat is te sjen oan it programma Het Vuur van de Friezen fan Omroep Max, Fier yn it rûn fan Omrop Fryslân en it boek De Friezen van Flip van Doorn.
Nijsgjirrich it te witten hoefolle minsken tsjintwurdich it Frysk behearskje: mear as 90% ferstiet it Frysk, 65% kin it lêze, 55% praat it en 12 oant 15% kin it skriuwe.
Foar in diel fan de Fryskpraters is it Frysk net de earste mar de twadde taal. In soad Friezen binnen meartalich. Der is mear objektyf ûndersyk, troch bygelyks de Fryske Akademy, nedich!
It Frysk yn Europa is net de sterkste taal, mar ek net de swakste. Sterkere talen binne bygelyks it Baskysk, it Katalaansk, it Galisysk en it Sweedsk yn Finlân. Swakkere talen binne it Bretonsk, it Noardfrysk en it Kornysk (in Keltyske taal yn Cornwall).
Sûnt 1998 is it Hânfest foar minderheidstalen fan de Ried fan Europa (Council of Europe) fan krêft: Giving Regional and Minority Languages a Say.
It is in saneamd supermerk-model: net eltse taal wurdt gelyk beskerme.
De neilibbing wurdt geregeld kontrolearre.
Njonken it Frysk wurdt yn Nederlân ek sjoen nei it Nedersaksysk, Limburchsk en Papiamentu.
Binnen de de BFTK is ôfpraat dat it Frysk in fêst plak kriget binnen it MBU (Middelber Berops Underwiis), it Frysk sichtberder wurdt, bygelyks op oerheidsgebouwen en lâns de dyk, desintrale oerheden it Frysk brûke, der in nije start is foar in bachelorstúdzje Frysk oan de RUG mei yngong fan 2025 en taaloerdracht as spearpunt.
Der wurdt no sjoen dat Den Haach jild skoot en Fryslân besuniget. Yn april 2024 stelt it Ryk 18 miljoen beskikber: 1,7 miljoen foar taalbelied gemeenten, 1,4 miljoen foar ûnderwiis en 1 miljoen foar de AFUK. Yn maaie 2024 besuniget Provinsje Fryslân 0,4 miljoen op taal en kultuer. Slachtoffers binne de AFUK, Fryske Akademy, Fryske Beweging en de Stellingwarver Skrieversronte.
Sûnt 2023 is der, op inisjatyf fan de Jongfryske Mienskip, mear Frysk op ‘e dyk. Dat wurdt betelle troch de Provinsje. In foarbyld: de slogan Us skoallen binne wer begûn. Gemeenten beslute sels om de Fryske fariant al of net te brûken.
Fan 2026 ôf sille der ek Frysktalige ferkearsbuorden komme. Dat smyt hjir en dêr no al wjerstân op mar dat wie ek it gefal mei it ynfieren fan Frysktalige plaknammebuorden yn de gemeenten Tytsjerksteradiel en Boarnsterhim doesdestiids.
73 jier nei Kneppelfreed hat de Rjochtbank Ljouwert in twatalich boerd op ‘e gevel. De Rjochtbank Noard Nederlân (haadplak Grins) fynt it Frysk praten noch altyd lestich. Der binne op it stuit 3 rjochtbanktolken Frysk mar dy wurde amper ynset yn ferbân mei strideraasje oer de beleanning. Der is noch altyd it rjocht ta Frysk praten yn de rjochtseal mar dat moat 8 dagen yn ’t foar fermeld wurde.
Falkena lit in oantal foto’s sjen mei foarbylden fan wêr’t Frysk yn de iepenbiere romte brûkt wurdt en wêr net. It Frysk ûntbrekt faak, bygelyks by de jildautomaat, en hy freget him ôf troch wa’t dêr it inisjatyf ta nimme moat ( Provinsje, Fryske Beweging, Jongfryske mienksip). Hy neamt yn dit ferbân ek Spaansk Baskelân as grut foarbyld, dêr’t je by de jildautomaat kieze kinne tusken it Spaansk, Baskysk, Galisysk, Katalaansk of fjouwer oare talen. Baskelân is autonoom en regelet sels ûnderwiis, belestingen en taalregels. Ek protestearje se as de eigen taal earne ûntbrekt.
De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer (BFTK) is in tuskenstap. Lang net alles is regele. Nei twa jier wurdt der evaluearre en komt der in nije ôfspraak yn 2028. De BFTK moat him net beheine ta achterkeamerkespolityk en dêrom is it wichtich dat de Fryske befolking meipraat. De Fryske emansipaasje is noch mar healwei.
Taalbelied is noait klear!
Wat kinne Friezen dwaan?
- De Fryske taal brûke, ek yn formele situaasjes en in klacht yntsjinje as dat net kin (by de provinsje of by Tûmba).
- Stiper wurde fan in Fryske organisaasje (Fryske Beweging of JFM).
- Winsken: mear Frysk yn de supermerk, op de treinstasjons, yn de hoareka en mear Fryske films
Taalbelied net oer de oerheid oerlitte, mar de oerheid skerp hâlde!
Hjirnei is der gelegenheid ta it stellen fan fragen.
Der wurdt opmurken dat it brûken fan it Frysk op de Smartphone by de jeugd stimulearre wurde moat en dat it wichtich is om ynternasjonaal omtinken oan it Frysk te jaan.
Ek moatte wy grutsk op de Fryske taal wêze en net te folle ferdigenje. Neffens Falkena is der al in grut ferskil tusken no en de jierren tachtich. No folle positiver!
De fertsjintwurdigers fan de Jongfryske Mienskip nûgje de oanwêzigen út om harren oan te melden foar it Friezentreffen op 10 juny by de Upstalbeam yn Aurich.
Foarsitter Bloem ropt op om foaral it Frysk te brûken om’t 90% it wol ferstiet. Bliuw jim taal trou! Tagelyk ropt er de gasten op om lid te wurden fan de Fryske Krite en wiist yn dat ferbân op de flyers dy’t op ‘e tafels lizze.
Dêrnei is der op ‘e nij kofje/tee, mar no mei oranjekoeke.
By it twadde optreden fan Marcel Smit krije wy de folgjende lieten te hearren: It kastje fan Ikea, it oandwaanlike liet In part fan dy, Oan it kanaal, Bearenburch, Pake fan mysels en Hûntsje Minne.
Nei it optreden wurde Marcel Smit en Onno Falkena nei foaren roppen om in slúf mei ynhâld en in Frysk presintsje yn ûntfangst te nimmen.
Dêrmei is it offisjele part dien en wurdt der oergien ta it ynformele stik (mei in hapke en in drankje) dêr’t MOETING sintraal yn stiet.
Seppy Sierksma
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Ferslach Fryske Krite Burgum – 12 desimber 2024
Plak: Martinushûs, Burgum
Oanwêzich: likernôch 30 leden
- Iepening
Foarsitter Frits Bloem iepenet de gearkomste en hjit elkenien tige wolkom op dizze ynlaske gearkomste. Troch sykte koe Jaap Klimstra de 28ste novimber net oanwêzich wêze, bliid dat hy der jûn wol is. In spesjaal wurd fan wolkom foar him. Ek wurdt nij lid Trynke Kooistra fan herte wolkom hjitten.
Frits Bloem stiet dizze jûn stil by Eppie Dam yn ferbân mei de koartlyn útbrochte autobiografy yn de foarm fan de Pompster Psalmen, dêr’t hy weromsjocht op syn libben. Net as ôfskie mar omdat de sykte fan Huntington syn takomst ûnwis makket. It skriuwen hat altyd ljocht en kleur yn syn libben brocht. Salang as it kin bliuwt hy skriuwen. Yn psalm 150 seit er it sa:
Je kunt de naarste dingen erven
Een kwaal voor ieder nageslacht
Maar ergens wil je zingend sterven
Tot waar het lied je heeft gebracht
- Meidielings út it bestjoer
Nei oanlieding fan de gemeentejûn fan 11 april, dêr’t in oantal stellingen oangeande it brûken fan it Frysk bepraat waard troch de gemeenteleden en de fertaalslach dy’t der makke wurde soe, hat it kritebestjoer 9 novimber in brief de doar útgien litten nei de tsjerkerie fan de Protestantske Gemeente Burgum mei de fraach oft der al fierdere ôfspraken makke wiene en oft dy fêstlein binne yn belied. Underwilens is dêr in positive reaksje op kommen. De tsjerkerie hat yn har gearkomste fan 3 desimber besletten dat der op in natuerlike wize Fryske eleminten hearre te wêzen. Dat foarnimmen is ûndertusken opnommen yn harren beliedsplan. Dêrnêst is dêroer in passaazje opnommen yn de standertbrief oan gastpredikanten.
In oar posityf punt is dat de tsjerke mei de Fryske Krite garant stean sil foar de kosten fan it optreden fan it Kwartettekoar op 16 maart 2025. Der wurdt foarsteld om by de útgong in kollekte te hâlden foar dekking fan dy ûnkosten.
It bestjoer is ynnommen mei foarlizzende útkomsten omdat der sa ek rjocht dien wurdt oan kêst 2 fan de Karbrief dêr’t steld wurdt dat de krite it doel hat in rûnte te wêzen dy’t har ynset foar de Fryske taal en kultuer, sawol yn it tsjerklik libben as dêrbûten.
- In greep út de aktualiteit
- De Evangelische-reformierte Kirche yn Dútslân hat it bibelboek Psalmen yn eigentiids East-Frysk (Plattdeutsch) útjûn. Net omdat it net al bestie mar yn ferbân mei de fierdere ûntwikkeling fan de taal. In foarbyld is Psalm 23: Hij verkwikt mijn ziel. Yn âldere fertalingen stiet der: He verquickt meine Seele. Yn dizze nije oersetting stiet er: He gifft mien Seel neei Kracht.
- Mei de slogan Jouw Taal Telt jout it ISK (Internationale Schakelklas) yn Ljouwert jongeren mei in bûtenlânske achtergrûn de gelegenheid les yn har memmetaal (bygelyks it Somalysk of Arabysk) te krijen omdat taal in wichtich ûnderdiel fan harren identiteit is en it de gewoanten, tradysjes en it kulturele erfguod fan in folk sjen lit. Dat helpt bern harren thús te fielen. Dit moat dochs ek jilde foar ús Fryske Taal?
- Takom jier hâldt de KFFB (Kristlike Fryske Folksbibleteek) nei 90 jier op te bestean. Yn totaal binne der 516 titels ferskynd. De fyftiger en sechstiger jierren wiene topjierren. Der waarden soms 30.000 boeken yn ’t jier ferkocht en der sieten 12.000 abonnees yn ‘e kaartebak. Nû 517 wurdt it lêste boek: De bittere fraach skreaun troch Anders Rozendal, mei 21 titels de hússkriuwer fan de KFFB.
- Moarn, freed 13 desimber, giet it Klompmakkersteam fan de Sûkerei nei Den Haach en sil de bûter jild jilde want dan wurdt bekend makke oft it team yn ‘e prizen fallen is foar de Erfgoedvrijwilligers-prijs. Ek al soe dat net it gefal wêze dan is de PR dy’t der foar de klompmakkerij west hat al winst.
- Jaap Klimstra mei syn ferhaal oer Sibbeltsje
Klimstra komt fan Ljussens en is letter ferfearn nei Bûtenpost. As tsjerkeriedslid fan de Grifformearde tsjerke kaam hy dêr yn ‘e kunde mei Sibbeltsje. Hja hat dus echt bestien.
Doe’t Klimstra foar it earst by Sibbeltsje oer de flier kaam, kaam er der ta syn grutte fernuvering achter dat Tabe, de man fan Sibbeltsje, achter ferskate ferloers kleden op bêd lei en slim siik wie. Sibbeltsje sommearre him lykwols der ôf te kommen foar de besite. In wike letter wie er wei, ferstoarn oan maachkanker. Sibbeltsje wie doe in 73-jierrige widdo en Klimstra hat him 22 jier lang om har bekroade. Sa die er putsjes en boadskippen foar har en fersoarge er de boekhâlding.
Doe’t hja 95 en 3 oeren âld wie, lei hja, nei ûntelbere ferhuzingen, yn Bûtenpost de holle del.
It is in brikenien. Dat hie dokter sein doe’t er Sibbeltsje helle. Sok praat hie de mem slim rekke, mar heit Ypke miende dat it faktaal wie: it wie de diagnoaze. En och, as sa’n popke yn ‘e widze leit mei de tekkentsjes der kreas oerhinne dan falt it net op dat it in mankemint oan de heupe hat. Dêrom eamelen de oare memmen der earst net bot op om. Ek by it lettere krûpen seach men noch net sa dat it iene poatsje wat koarter wie as it oare. Mem wie fol begrutsjen doe’t de earste stapkes kamen en Sibbeltsje nei foaren skokte en skeukte. Har kopke gie der suver wat nei stean en dat makke it noch begrutliker.
Sa begûn it libben fan Sibbeltsje yn de wrâld. De earste jierren brocht se troch yn it Paradyske ûnder Kollum en dat wie in moaie tiid. Mar letter kaam, mei it ferstjerren fan har mem, de tragyk yn har libben. Lykwols, se lit de moedfearren net hingje en pakt op wat der op har wei komt: as help yn har heit syn húshâlding, as tsjinstfaam by rike minsken yn it westen fan it lân en letter as troude frou. Ek hat hja in setsje taholden yn Sweden. It giele kofferke en de fyts mei it stikje hout op de traper, reizgje altyd mei har mei.
Jabik Jans Klimstra fertelt mei in protte faasje en humor. Hy hat each foar de tragyk, mar ferjit de komyske aspekten seker net. Hy docht it lange libben fan dizze krigele, mar skeinde, frou mei in protte each foar detail út de doeken. Klimstra ferstiet de keunst minsken en situaasjes ta libben komme te litten.
Yn har testamint stie dat Klimstra it libbensferhaal fan Sibbeltsje fertelle mocht, mar net in dei earder as dat hja ferstoarn wie. En de kiste moast ticht: "Ik wol net fan dat 'poppetjeskijken." Men kin somtiden wol om har oanslaggen laitsje, mar it djippere boadskip fan har bestean is dat it minskdom wolris neitinke mei oer hoe om te gean mei in minske mei in brekme.
Sibbeltsje liet 350.000 euro nei dat ûnder 10 goede doelen ferparte is. Ek in muoikesizzer yn Kanada krige in dofke jild omdat har man siik wie. Hja wie fûl foar harsels, mar gol foar in oar!
Foarsitter Frits Bloem seit Jaap Klimstra hertlik tank foar syn prachtige ferhaal en oerhandiget him in slúf mei ynhâld.
- Ofsluting
- De Krite hat 70 jier bestien en de jubileumgearkomste wurdt hâlden op 16 jannewaris yn de Krústsjerke mei in optreden fan Marcel Smit. Gastsprekker deputearre Eke Folkerts hat spitigernôch ôfberjocht dien, dêrom wurdt der noch socht nei in ferfanger. De oanwêzigen wurde oproppen om manmachtich te kommen, gasten binne dêrom fan herte wolkom!
- Ynkoarten kinne de kriteleden it nijjiersberjocht yn ‘e mjitte sjen.
Oant sjen op de jubileumgearkomste fan 16 jannewaris 2025 en alfêst in sûn en lokkich nijjier tawinske. Wol thús!
Seppy Sierksma
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Ferslach Fryske Krite Burgum – 24 oktober 2024
Plak: Martinushûs, Burgum
Oanwêzich: sa’n 40 minsken
- Iepening
Foarsitter Frits Bloem iepenet de gearkomste en hjit elkenien tige wolkom.
In spesjaal wurd fan wolkom is der foar gasten en nij lid Eelkje Vriesema. Emmy Soepboer, ek in nij lid, is jûn net oanwêzich.
Hiel spitich dat Jaap Klimstra, dy’t in ferhaal hâlde soe oer Sibbeltsje, behindere is troch sykte. It bestjoer krige dit pas hjoed de hearren en dêrtroch ûntstie der wol wat stress. Lokkich dat bestjoerslid Eelke Boonstra ree fûn waard om te fertellen oer syn wurk as ûntwikkelingswurker yn Bolivia.
Der wurdt iepene mei it gedicht ‘De Reinbôge’ fan Eppie Dam: út de bondel Hertslach en op it stuit hiel aktueel:
Se sizze ast fan bûten bist
Dan hearstû der net by
Se sizze datst net doge kinst
Astû net bist as sy
Mar sjoch ris nei it sinneljocht
De bôge mei sân kleuren
Sjochstû it al gebeuren
Dat ien him ôfjaan moat
Dy’t oars is of apart?
Nee, de iene ken de oare:
Bân fan read oant fiolet
Troch de iuwen hinne net feroare
Kinne minsken dat dan net?
Se sizze, ast fan bûten bist
Dan dochstû net normaal.
Se falle oer dyn uterlik
En laitsje om dyn taal.
Se sizze, ast fan bûten bist
Dan kinstû better gean.
Se tinke datst gjin minske bist
Dat is dochs gjin bestean?
- Meidielings út it bestjoer
- Begjin takom jier komt der in bestjoerswiksel. Dat fynt, yn ferbân mei it karakter fan de jûn, net plak op ús jubileumgearkomste fan jannewaris mar op de kritejûn fan 20 febrewaris. Letter mear dêroer.
- Der wurdt binnen it bestjoer ek neitocht oer it beneamen fan leden ta Earelid of Lid fan fertsjinste. Neiere berjochtjouwing dêroer folget noch.
- Der sil belied makke wurde oer it winnen fan stipers yn ferbân mei it tebekrinnen fan de subsydzjes foar kultuer. Dit sil nei alle gedachten ús subsidiïnten ek reitsje.
- In greep út de aktualiteit
- Aant Jelle Soepboer en Richard Zuiderveld ha in boek útbrocht mei as titel Vet Oud: in Frysk Skiednisferhalenboek foar de jongerein. Tip?
- It Frysk hat belangstelling fan hegerhân: de minister fan Ynlânske saken en de besite fan ús kening op 16 oktober oan de Fryske Akademy (ûntwikkeling fan it Frysk as offisjele taal, de Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer), Tresoar (taljochting op inkelde stikken út de kolleksje) en de Afûk (betsjutting fan it Frysk yn it deistich libben). Dit alles yn in Frysktalich parseberjocht oankundige. Moai dizze belangstelling!
De kening ferstiet 90% fan it Frysk tanksij Frysktalige programma’s op de Nederlânske telefyzje.
Keningin Wilhelmina hâlde ea in taspraak yn it Frysk, Juliana song it Frysk folksliet mei en Beatrix besleat in besite oan Makkum yn 2008 mei de wurden: Tige tank. Us hjoeddeistige kening liet it ôfwitte…
- Heechlearaar Frysk Jarich Hoekstra is 22 septimber 2024 yn ‘e âldens fan 68 jier ferstoarn. Wy kenne de sympatike Hoekstra fan it Wurdboek fan de Fryske Taal, de Taalsnipels yn it FD, oersettingen fan Asterix en Obelix, de Bommelboeken en eigen proaza. Yn 1999 kaam hy op de learstoel Frisitiek op de Christian Albrechts Universität foar it Noard Frysk. Guon fan de oanwêzigen (lykas Neeltsje Hoekstra) ha him meimakke tidens de Fryslân reizen.
- Jan Jongsma memorearret Manuela Köster dy’t resint op 55-jierrige leeftyd ferstoarn is. Hja is bekend wurden troch har Tantalustrilogy (2009-2015) en hat oer it earste boek dêrfan, Leafde en yntriizje yn Egypte, in middei foar de Fryske krite fersoarge.
- Eelke Boonstra oer syn wurk as ûntwikkelingswurker yn Bolivia
Eelke Boonstra nimt ús mei nei Cochabamba, in doarp heech yn de Andus yn Bolivia, dêr’t er, tegearre mei noch twa teamleden, ûntwikkelingswurk dien hat yn ‘e foarm fan kennisoerdracht oan boeren mei molkfeebedriuwen.
As consultant hat Eelke wurke foar Agri Advice en waard troch de frijwilligersorganisaasje PUM (Programma Uitzending Managers) benadere om diel te nimmen oan in ûntwikkelingsprojekt yn Bolivia.
It PUM, in programma fan Nederlânske wurkjouwers (it MKB), stipet en wurket gear mei ûndernimmers yn ûntwikkelingslannen en opkommende merken mei as doel it realisearjen fan ynklusive, duorsume ekonomyske groei.
Meastal wurde foar dit wurk pensjonearden frege om’t it om frijwilligerswurk giet.
It team bestie út in fee-arts, in fokkerijman en Eelke mei as spesjaliteit fuorjen en ekonomy. Elk teamlid gie 2 kear yn it jier trije wiken nei it projekt. Der kaam dus 6 kear yn it jier immen oer de flier by de boeren.
Eelke hat twa kear fanút it PUM nei Bolivia west, mar dat wie net foldwaande. Dêrnei hat hy it projekt mei noch twa manlju op syn skouders nommen. It projekt duorret 3 jier.
De boeren binne oansletten by in koperaaasje/federaasje fan produsinten fan molke (APL) fan lytse boeren. It APL keapet molke en betellet ienris yn ‘e twa wiken molkjild út. Sa’n útbetelling is in gesellige dei foar jong en âld en de plysje hâldt in eachje yn it seil.
It grutste part fan de befolking is Roomsk en de kryst falt yn ‘e simmer. It APL organisearret dan foar de molkfeehâlders in feestmiel. Ek binne der dan langduorjende optochten mei tradisjonele klear, dûns en muzyk.
By elke kursus wiene der, neist in (lokale) fee-arts en fokkerijman, ek gewoane boeren oanwêzich. De kursus bestie moarns út teory en middeis út praktyk, it meitsjen fan húswurk en waard ôfsletten mei in eksamen. Benammen de praktyklessen wiene hiel populêr. De froulju binne hiel bot emansipearre en aktyf en makken ek diel út fan de kursus.
Nei elke kursus wie der rom tiid om gesellich nei te praten en te iten.
Saken dy’t oan ‘e oarder kamen by de kennisoerdracht wiene û.o. it ûnthoarnjen fan keallen. Dêr waard foarhinne net sa dierfreonlik mei omgien. By de kealle-ophoklessen waard der les jûn yn it elektrysk ôfheljen fan de hoarnen (mei in akku) ûnder ferdôving. Dit resultearre ek yn de ferkeap fan de apparaten fan Nederlân oan Bolivia.
Ek waarden der lessen jûn yn it beoardieljen fan fee. Sa waard der nei it uterlik (poaten en jaar) sjoen om’t je dêrút opmeitsje kinne hokker bolle der by heart om der fouten út te fokken.
Der wie ek omtinken foar fuorjen oan in foerhek (krêftfoer hat ynfloed op mage(soer) en poaten) en de húsfêsting om’t der in soad plestik omtoarke dat troch it fee opfretten waard. Eelke makke in ferliking mei Tanzania dêr’t plestik ferbean is!
Skjinmeitsje, opromje en hygiëne kamen dus ek rom oan bod.
It projekt yn Bolivia rûn fan 2009 oant 2015 mar der is noch regelmjittich kontakt. De koöperaasje draait noch altyd goed mar men krimmenearret noch altyd oer de molkpriis.
Sommige lokale fee-artsen binne nei oare bedriuwen gien of steane oan in Universiteit. Ien fan harren hat krektlyn noch yn Nederlân west.
In grut part fan de lesstof dy’t dêr oanbean waard is yntegrearre yn de lessen fan de Hegere lânbouskoalle/universiteit.
Bolivia hat, lykas Nederlân, twa rykstalen: it Spaansk en it Quechua.
Redenen foar Eelke Boonstra syn dielname oan ûntwikkelingsprojekten (ek yn Tanzania en Colombia):
- It is moai en tankber wurk.
- Nijsgjirrich om te sjen wat de minsken dêr motivearret om te hanneljen sa’t se it dogge.
- Elts minske en elke boer probearret der it bêste fan te meitsjen ûnder syn omstannichheden.
- Der giet tefolle fout yn ûntwikkelingswurk.
Fundaminteel hjirby: goed harkje nei de minsken dêr.
- Skoft
- It sjongen fan in tal lieten út Fryslân sjongt
- Ofsluting
- Foarsitter Frits Bloem wiist op de kritejûn fan 28 novimber mei Jordan van der Maas. De 25-jierrige Jordan hat in trijelûk filme oer it libben yn de leechfeangebieten fan Fryslân. Hy sil in ynlieding hâlde en de film fertoane. De foarsitter en de sekretaris fan de krite ha ûnderwilens in foarpriuwke hân en fûnen it prachtich!
- Kofje/tee ôfrekkenje by de betsjinning en gasten betelje 5 euro oan Eelke Boonstra of, noch better, wurde lid fan de krite. Dan wie dizze jûn fergees.
- Der wurdt noch foarsteld om in ekstra kritejûn op tongersdei 12 desimber yn te laskjen foar in herkânsing mei Jaap Klimstra oer Sibbeltsje. Om’t dy jûn gearfalt mei in aktiviteit fan it Nut wurdt der hifke hoefolle minsken dêr foar kieze sille. Dat giet mar om in hânfol en dêrom wurdt der besletten om dit te besykjen. (Underwilens is dit fêstlein mei sawol Jaap Klimstra as it Martinushûs!)
- Oant 28 novimber mei Jordan van der Maas en 12 desimber mei Jaap Klimstra.
- Wol thús!
Seppy Sierksma
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Ferslach Fryske Krite Burgum – 19 septimber 2024
Plak: Martinushuis, Burgum
Oanwêzich: sa’n 40 minsken
- Iepening
- Foarsitter Frits Bloem iepenet de gearkomste mei in wurd fan wolkom.
- In bysûnder wurd fan wolkom is der foar taalwittenskipper Anne Tjerk Popkema. Hy sil ús meinimme mei de reis fan ús Fryske taal troch de iuwen hinne.
- De jûn wurdt dêrnei iepene mei it lêzen fan in gedicht fan Doeke Faber: De tiid dy’t draacht. Der binne ferskillende siswizen oer de tiid. In bekende is: De tiid hâldt gjin skoft. Hoe ferskillend kinne wy de tiid belibje. Wêr is de tiid bleaun sûnt ús ôfslutend útstapke fan it foarige seizoen. Doeke Faber seit yn syn gedicht:
As wolken yn de loft
As fûgels yn de kloft
As weinen yn in karrespoar
As himel en as tichte doar.
De tiid draacht hiel ús libben mei
Fan elke nacht en elke dei
Fan soarch en blidens, frede en flok,
Wat meitsje wy ús altyd drok.
De tiid draacht hiel ús libben mei
Wy wachtsje moarn in nije dei
En binne dan ferwachtingsfol
Wat sa’n dei dan wer bringe wol.
De tiid dracht hiel ús libben mei
Wy glide troch de tiden hinne
Wy kinne nea de tiid berinne.
De tiid draacht alle tiden mei
Nei de ivich heimnis fan de dagen
Fan ’t sykjen antwurd op ús fragen.
De tiid draacht al ús tiden mei
Nei ’t folsleine tiidsbestân
Ien hâldt foar ús de tiid yn stân.
- Programma foar dizze jûn.
Inkelde meidielings út it bestjoer, in lytse greep út de aktualiteit, besprekken fan rekken en begrutting.
Dan gau nei de earste ronde mei Anne Tjerk, it skoft en dan de twadde ronde mei Anne Tjerk en de ôfsluting.
- Meidielings út it bestjoer:
- As earste wurd tank útsprutsen foar de stipe om ús programma te realisearjen: de gemeente Tytsjerksteradiel, OPA en de Douwe Kalma Stifting. Tige tank foar de bydragen. Wy hoopje der in moai seizoen fan te meitsjen.
- De foarloapige mylpeal is berikt: de 100 is mear as fol. It 100e lid wie mefrou Annie Engel. Omdat se dizze jûn net oanwêzich is, sil moarn troch de foarsitter in moai bosk blommen besoarge wurde ta konkreet teken fan dizze mylpeal. Dêrom is der yn it skoft foar ús allegearre in fersnaperinkje. Meielkoar op nei de 125 yn ús jubileumjier 2025
- De betinking te Aurich: Eelke Boonstra en Frits Bloem hawwe dizze dei meimakke en dat wie mei nocht en wille. Se binne grif takom jier wer fan de partij en hoopje dat in tal fan de kriteleden dit foarbyld folgje sille.
- Lang om let: Frysk yn de earetsjinst krijt súntsjesoan wat foarm. De tsjerkerie wurd skerp yn ‘e gaten hâlden om it beliedsmjittich te dwaan.
- 16 jannewaris is de jiergearkomste en is de bestjoerswiksel in feit. Yn ferbân mei it spesjale karakter fan dy jûn wurdt dit ûnderdiel bestjoerswiksel ferpleatst nei de gearkomste fan febrewaris.
- In greep út de aktualiteit:
- Limburgers binne wakker nijsgjirrich hoe’t wy as Friezen ús taal libjend hâlde.
- Friezen prate thús faker Frysk. Ek de jongere generaaasjes. Hoopfol.
- Hoe’t de Spaanske en grutske Gerdykster Raquel García Hermida-van der Walle opkomt foar it Frysk op Europeesk nivo is hertferwaarmjend.
- Op 16 jannewaris moatte wy deputarre Eke Folkerts mar ris befreegje hoe’t it kin dat der snijd wurdt yn it Fryske Taalbudzjet. It stiet yn elts gefal op foet fan spanning mei de ambysje foar it Frysk oer. 70% fan de tiid fan Eke Folkerts soe yn de oandacht foar it Frysk sitte: hoe sit dat krekt?
- Frysk: it is mei sizzen net te dwaan!!!
- Fan de algemiene rûnfraach wurdt gjin gebrûk makke.
- Finânsjes.
Skathâlder Eelke Boonstra jout in dúdlike taljochting op de rekken ‘23/’24 en de begrutting ‘24/’25
De rekken ‘24/’25 slút ôf mei in saldo fan € 2634,75 en de begrutting ‘24/’25 mei in bedrach fan € 1749,75. Dit omdat it noch ûnseker is oft der wer stipe komt fan gemeente en fûnsen.
Ut namme fan de kascommisje ferklearret Marten Rozendal dat nei kontrôle bliken die dat de boekhâlding yn oarder wie en dat foarstelt wurdt om de skathâlder décharge te ferlienen.
- Presintaasje fan Anne Tjerk Popkema oer it Aldfrysk.
Dizze jûn fertelt er ús (yn 2 ronden) oer de âldste skiednis fan ús memmetaal: Wêr waard it Aldfrysk sprutsen en hoe is dat yn ‘e rin fan ‘e tiid feroare? Hoe klonk it? Watfoar teksten hienen we wol en hokker net, en wêrom eins? Oan ‘e hân fan kaarten, hânskriften, sitaten en boeken nimt er ús mei yn it ferhaal fan ‘It Aldfrysk: ús taal yn ’e midsiuwen’. De folgjende trije tema’s komme oan ‘e oarder:
- Aldfrysk yn tiid en romte
- Aldfryske boarnen
- Priuwkes fan it âlde Frysk.
Foar de leafhawwers stiet der op de folgjende webside in soad ynformaasje: www.richthofen.nl
Yn it skoft wie der kofje/tee mei wat lekkers.
- Ofsluting:
- De foarsitter sprekt in tankwurd út oan Anne Tjerk Popkema en oerlanget him in slúf.
- Ferwiisd wurdt nei de kritejûn fan 24 oktober mei Jaap Klimstra oer Sibbeltsje. Frits hat it boek lêzen en doart te sizzen: Dat wie my der ien! Sa ien sit hjir gjin twadden fan yn ‘e seal. Jim sille jim grif fermeitsje litte.
- De foarsitter sprekt tank út foar it kommen en winsket elts wol thús.
23.09.24 SP
----------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------------
Maak jouw eigen website met JouwWeb