NIJSBRIEVEN

 

 

Seizoen 2025/2026

 

De Krite fan Burgum hat de ôfrûne jierren bewiisd dat se rjocht fan bestean hat!

 

 

Bêste leden,

 

It bestjoer fan ús krite kin rekkenje op in seker entûsjasme fan de (aspirant)leden. Dit docht û.o. bliken út it feit dat ús jûnen tige goed besocht wurde en dat it tal leden yn ‘e lift sit. It getal fan 125 is hiel reëel. Dat oantal is hast berikt, ûndanks it feit dat wy ek leden ferlieze troch natuerlik ferrin.

Mei grutte ynset is it it bestjoer wer slagge ek foar it seizoen 2025-2026 in prachtich programma gear te stallen. Hjirûnder kinne jim dêr alles oer lêze. Ik soe sizze: “Set de data alfêst yn jim aginda’s/bûsboekjes.”

It ôfrûne jier hat it bestjoer neitocht oer belied omtrint it beneamen fan eareleden/leden fan fertsjinste en it eventuele winnen fan donateurs. Oer beide ûnderwerpen hawwe de leden harren ynstimming jûn en dêrmei is it belied fêststeld.

 

In oar ûnderwerp wie: Fryske eleminten yn de earetsjinst.

Op 11 april 2024 hawe wy, yn gearwurking mei de tsjerkeried fan de Protestantske Gemeente Burgum en Krúspunt, in gemeentejûn belein. Ds. Liuwe Westra hat in ynlieding hâlden, dy’t folge waard troch in diskusje nei oanlieding fan stellingen. It resultaat mocht der wêze. Der is in grut draachflak foar dit ûnderwerp.

Nei in goed jier hawwe wy ris eefkes weromsjoen hoe’t ien en oar oppakt is. Dit hat it opsmiten:

 

  • wy hawwe ús posityf útlitten oer de hjoeddeistige situaasje (ek al mei it eins noch wol in bytsje mear wêze) en hjir wurdearring foar útsprutsen. Ek mei om’t it no yn belied ferwurde is;
  • de útrikte Bernhard Smilde priis oan de Protestantske Gemeente Burgum sjogge wy as oanmoediging fan it ynsette belied;
  • de brief nei gastpredikanten wurdt oanskerpe yn dy sin om Fryske eleminten yn de tsjinst ta te passen;
  • mear oandacht foar Fryske Bibellêzingen;
  • in oprop te dwaan foar Fryske lektoaren;
  • Fryske teksten, dy’t har dêrfoar liene, op webside en yn Underweis sette. Sa nedich kinne wy dat ûnderstypje;
  • elk jier evaluearje.

 

Wy hoopje dat tsjerkegongers ûnder jim dit inisjatyf wurdearje kinne en it mei oanmoedigje wolle! Frysk yn de earetsjinst wie op 10 maart 1955 mei ien fan de driuwfearen ta it oprjochtsjen fan de krite.

 

Wy winskje jimme in fijne simmer ta en hoopje jim man-/froumachtich wer te moetsjen op ús kritejûnen! Sjoch foar it kommende winterprogramma hjirûnder.


In hertlike groet en oant sjen!

 

Ut namme fan it bestjoer,

 

Frits Bloem,

foarsitter

 

 

NB: ûnderoan dizze Simmerbrief fine jim inkelde húshâldlike meidielings. Spesjale oandacht ek foar it beteljen fan it ledejild per 1 septimber o.s.

 

 

PROGRAMMA 2025-2026

 

18 septimber 2025: Pieter Duijff oer it ûntstean fan Fryske plaknammen

 

Pieter Duijff hat ûnderwiisopliedingen folge en Fryske Taal en Letterkunde studearre oan de Vrije Universiteit te Amsterdam. Op it stuit is er boppebou-dosint havo en vwo Frysk oan de Kristlike Skoalmienskip Bogerman yn Snits. Dêrfoar hat er op in ferskaat oantal plakken lesjûn, ûnder mear as dosint Frysk en Nederlânsk by de learare-oplieding fan de hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert en Grins en dosint Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam. Dêrneist hat er mear as tritich jier aktyf west as taalkundige by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Op it mêd fan de taalkunde hat er him spesjalisearre as gearstaller fan in ferskaat oan wurdboeken en publisearre oer de Fryske taalfariaasje en it Stedsfrysk.

Fierdersoan hat er him dwaande holden mei nammekunde. Nei oanlieding fan syn boek oer Fryske plaknammen (2022) sil er in ferhaal hâlde oer plaknammen yn Fryslân.

 

 

23 oktober 2025: Ids Willemsma oer syn dichtwurk en keunstwurken

 

Ids Willemsma (73) makket keunst, skriuwt gedichten en is in sport- en  natuerman.

Syn Timpeltsje op de seedyk by Marrum is byldbepalend. Mar ja, altyd mar wer dy twifel, sa seit er sels!

Op dizze jûn sil Ids mear fertelle oer syn dichtwurk, hoe’t hy keunstner wurden is en inkelde fan syn keunstwurken, û.o. yn ús eigen omkriten, besprekke.

Ids makket gebrûk fan dia’s.

 

 

27 novimber 2025: Sippy Tigchelaar oer skippersfroulju

 

Skriuwster Sippy Tichelaar dielt, troch yndruk meitsjende en faak ek oangripende ferhalen, it hurde libben fan 15 skippersfroulju oan board fan in skûtsje mei ús.

Tegearre mei Alice Booy skreau hja hjir in boek oer mei as titel: ‘Schippersvrouwen, verhalen boven water’. It boek waard op 8 maart 2023 – Ynternasjonale Frouwedei - presintearre yn it Frysk Skipfeart Museum te Snits. Undertusken belibbe it de 4e printinge.

Sippy seit oer it boek: “It is opmerklik hoefolle de froulju, dy’t al aardich âld binne, noch witte fan dy tiid. Faak tochten se dat der net safolle te fertellen wie mar sa gau’t de oantinkens ien kear boppe driuwen kamen, dan wie de ein der gau fan wei. Sa kamen al dy prachtige ferhalen boppe wetter”.

 

 

15 jannewaris 2026: Jiergearkomste mei de sjonggroep Donkey Tandem

 

It duo Donkey Tandem bestiet út Dries Woudstra (gitaar en sang) en Dictus Hoogsteen (akkordeon en sang). Tegearre bringe se in programma fan Frysktalige en faak ek troch harren sels makke, harkferskes, dy’t elk in eigen ferhaaltsje fertelle. Soms giet it oer in stikje skiednis, dan wer oer in persoan, in pear kear oer in mearke, dêrnei wer in liet mei humor. Om koart te gean: ferskes oer leafde, libben, gelok, fertriet, jong en âld, boeren, boargers en bûtenfolk! En gean sa mar troch.

 

 

19 febrewaris 2026: De twa âld-Burgumers Gerbrich de Jong en Martijn Kingma

Gerbrich de Jong is oplieder ta learaar Nederlânsk en Frysk oan NHL Stenden Hogeschool. Hja docht sûnt 2023 promoasjeûndersyk nei Fryske oansprekfoarmen. Gerbrich hjiroer:

'Do' en 'jo' binne mar lytse wurdsjes, mar se sizze in soad oer minsklike ferhâldingen. Dat makket oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk. Mei de oansprekfoarmen yn Fryslân is boppedat wat bysûnders oan 'e hân, want der is noch in ekstra oansprekfoarm gongber: it oansprekken yn de tredde persoan. Dy oansprekfoarm wurdt meast brûkt foar âldere famyljeleden, bygelyks "Mem, kin mem my helpe?" of "Pake, wol pake noch kofje?" It kin ek mei in foarnamme, lykas bart yn it heger ûnderwiis. Studinten sizze dan: "Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?" 

 

Martijn Kingma is meiwurker oan de Fryske Akademy en Universiteit fan Amsterdam en sil it hawwe oer feroaringen yn de útspraak fan it Frysk. Martijn hjiroer:

De Fryske taal is altyd yn beweging, en dat jildt ek foar de útspraak. Tradisjoneel wie der in dúdlik ferskil te hearren tusken de wurden wyt, wiid en wiet. Tsjintwurdich sprekke jongere Friezen wiid en wiet itselde út. Wat betsjut dat foar it Frysk?

Martijn: Ik nim jim mei yn myn fonetyske ûndersyk nei feroaringen yn it Fryske fokale systeem. Dêrfoar wurkje ik mei opnamen fan sprekkers, berne tusken 1897 en 2001 út de eardere gemeente Boarnsterhim.

It docht bliken dat jongere Friezen hieltyd mear it ie-lûd brûke foar wurden dy’t men earder mei in ii-lûd sei, en dat dat ek jildt foar oare lange lûden (bgl. hûd en hoed). Hoe kin dat? En wat binne de gefolgen fan dizze feroaringen foar it Frysk fan de takomst?

 

 

15 maart 2026: Fryske jûnstsjinst mei it Kwartettekoar

 

It koar is op ’t heden (juny 2025) dwaande mei harren nijste kantate fan Eppie Dam en Jan de Jong, neamd ‘Folgeling fan leafde‘:

Dat it paad op dy takomt en de wyn de goede kant út waait.
Dat de sinne blier dyn antlit beskynt, de rein dyn lannen myld bedript.
En oant wy elkoar wer moetsje, meist burgen wêze yn de palm fan Gods hân
.

De tsjinst is yn de Krústsjerke en begjint om 19.00 oere. It Kwartettekoar stiet ûnder lieding fan Feike van Tuinen.

 

 

26 maart 2026: Karst Berkenbosch oer it Fryske Skânsenpaad

In koarte CV

Karst A. Berkenbosch (1950) en wennet yn Aldeberkeap.

Wie: Foarmingslieder, learaar, byldzjend keunstner, kabaretier en teätermakker mei in eigen teäter.

Aktyf mei: sjongen, muzyk meitsje, swimme, kuierje, fotografearje en skriuwen.

 

Kuierje

Nei ’t hy troch rêchklachten twongen wie op te hâlden mei sporten, is hy begûn mei kuierjen. Dat resultearre yn de webside Mei Karst op Stap. Dêr steane al ferskillende kuiertochten op dy’t beskreaun wurde út kultuerhistoarysk perspektyf wei.

No is hy dwaande mei de ûntwikkeling fan it Fryske Wetterliny Skânsenpaad.

Hjiroer sil de lêzing gean. Neist skiednis komt ek de  natuer oan ‘e oarder. It paad rint nammentlik troch prachtige  natuergebieten.

 

 

Sneon 18 april 2026: Utstapke mei Siebe Siebenga oer de skiednis fan Burgum, mei oanslutend in doarpskuier

 

Siebe Siebenga: Yn de rom 40 jier dat ik yn Burgum wenne ha, koe ik my as postrinner “amtshalve…” en yn myn frije tiid, ferdjipje yn de Burgumers en harren skiednis. Myn hiele libben kaam ik skoalmasters tsjin dy’t dy wat leare woene oer de skiednis fan de omjouwing.

Yn Aldegea wie dat skoalmaster Lou de Jong en yn Burgum Klaas Henstra, fan wa’t ik ek in soad opstutsen ha. Ik harke altyd mei twa pear earen en as ik it net leauwe woe... socht ik it út. Dat resultearre yn publikaasjes yn ferskate tydskriften, lykas Frysk literêr tydskrift, Fryslân (histoarysk moanneblêd) en doarpskranten. By it feest fan 80 jier befrijing fan Burgum 2025, kaam myn boekje oer de fleanramp by de Krústsjerke (1941) út. 

Doe’t de kritefoarsitter frege om wat te fertellen oer de omjouwing fan Burgum, mei oanslutend in doarpskuierke, gie ik dêr mei nocht en wille op yn.

 

TA BESLÚT

 

Húshâldlike meidielings

 

Gearstalling fan it bestjoer seizoen 2025/2026

 

Foarsitter: Frits Bloem

H.W. van Glinstrastrjitte 35

9251CL  Burgum

Tel. 06 10 30 13 43

 

Skriuwer: Sake Postma

De Boek 66

9251NK  Burgum

Tel. 06 22 59 31 95

 

Notulist: Henk Vriesema

Tuskendiken 33

9251LX  Burgum

Tel. 06 81 20 16 90

 

Skathâlder: Eelke Boonstra (per jannewaris 2026 ôfgeand)

De Iik 7

9251NS  Burgum

Tel. 06 46 02 66 40

 

Algemien adjunkt: Bettie Steensma

Tsjalling Haismastrjitte 34

9251AV  Burgum

Tel. 06 28 18 63 78

 

 

Ledejild seizoen 2025/2026

 

Berjocht fan ús skathâlder:

 

Yn septimber begjinne de kosten fan de krite te rinnen. Dêrom wolle wy graach dat jo it ledejild foar it kommend winterskoft yn septimber 2025 oermeitsje op rekken fan:

 

NL22 INGB 0004436307 t.n.f. Fryske Krite ‘Dr. G.A. Wumkes’

 

mei de fermelding: Ledejild 2025/2026.

It ledejild is fêststeld op € 25,00 foar in stel en € 15,00 foar allinnichsteanden.

De neamde bedragen binne de minimale bydragen (wat mear stelle wy fansels tige op priis)

 

De kritejûnen wurde hâlden yn It Martinushûs, Hillamaweg 39, 9251KA Burgum en begjinne om 20.00 oere. 19.30 oere giet de doar iepen. Kofje of tee binne foar eigen rekken.

Gasten betelje € 5,00. Wurdt men steande de jûn lid, dan ferfalt dit bedrach.

 

Tip: Bewarje dizze Simmerbrief as neislach eksimplaar.

 

NB: Tank oan de gemeente Tytsjerksteradiel en OPA, om’t se it mei mooglik meitsje in moai programma gear te stallen. Oars soe it finansjeel in poepetoer wurde!

Maak jouw eigen website met JouwWeb