PROGRAMMA 2025-2026

 

18 septimber 2025: Pieter Duijff oer it ûntstean fan Fryske plaknammen

 

Pieter Duijff hat ûnderwiisopliedingen folge en Fryske Taal en Letterkunde studearre oan de Vrije Universiteit te Amsterdam. Op it stuit is er boppebou-dosint havo en vwo Frysk oan de Kristlike Skoalmienskip Bogerman yn Snits. Dêrfoar hat er op in ferskaat oantal plakken lesjûn, ûnder mear as dosint Frysk en Nederlânsk by de learare-oplieding fan de hegeskoalle NHL Stenden yn Ljouwert en Grins en dosint Frysk oan de Universiteit fan Amsterdam. Dêrneist hat er mear as tritich jier aktyf west as taalkundige by de Fryske Akademy yn Ljouwert.

Op it mêd fan de taalkunde hat er him spesjalisearre as gearstaller fan in ferskaat oan wurdboeken en publisearre oer de Fryske taalfariaasje en it Stedsfrysk.

Fierdersoan hat er him dwaande holden mei nammekunde. Nei oanlieding fan syn boek oer Fryske plaknammen (2022) sil er in ferhaal hâlde oer plaknammen yn Fryslân.

 

 

23 oktober 2025: Ids Willemsma oer syn dichtwurk en keunstwurken

 

Ids Willemsma (73) makket keunst, skriuwt gedichten en is in sport- en  natuerman.

Syn Timpeltsje op de seedyk by Marrum is byldbepalend. Mar ja, altyd mar wer dy twifel, sa seit er sels!

Op dizze jûn sil Ids mear fertelle oer syn dichtwurk, hoe’t hy keunstner wurden is en inkelde fan syn keunstwurken, û.o. yn ús eigen omkriten, besprekke.

Ids makket gebrûk fan dia’s.

 

 

27 novimber 2025: Sippy Tigchelaar oer skippersfroulju

 

Skriuwster Sippy Tichelaar dielt, troch yndruk meitsjende en faak ek oangripende ferhalen, it hurde libben fan 15 skippersfroulju oan board fan in skûtsje mei ús.

Tegearre mei Alice Booy skreau hja hjir in boek oer mei as titel: ‘Schippersvrouwen, verhalen boven water’. It boek waard op 8 maart 2023 – Ynternasjonale Frouwedei - presintearre yn it Frysk Skipfeart Museum te Snits. Undertusken belibbe it de 4e printinge.

Sippy seit oer it boek: “It is opmerklik hoefolle de froulju, dy’t al aardich âld binne, noch witte fan dy tiid. Faak tochten se dat der net safolle te fertellen wie mar sa gau’t de oantinkens ien kear boppe driuwen kamen, dan wie de ein der gau fan wei. Sa kamen al dy prachtige ferhalen boppe wetter”.

 

 

15 jannewaris 2026: Jiergearkomste mei de sjonggroep Donkey Tandem

 

It duo Donkey Tandem bestiet út Dries Woudstra (gitaar en sang) en Dictus Hoogsteen (akkordeon en sang). Tegearre bringe se in programma fan Frysktalige en faak ek troch harren sels makke, harkferskes, dy’t elk in eigen ferhaaltsje fertelle. Soms giet it oer in stikje skiednis, dan wer oer in persoan, in pear kear oer in mearke, dêrnei wer in liet mei humor. Om koart te gean: ferskes oer leafde, libben, gelok, fertriet, jong en âld, boeren, boargers en bûtenfolk! En gean sa mar troch.

 

 

19 febrewaris 2026: De twa âld-Burgumers Gerbrich de Jong en Martijn Kingma

Gerbrich de Jong is oplieder ta learaar Nederlânsk en Frysk oan NHL Stenden Hogeschool. Hja docht sûnt 2023 promoasjeûndersyk nei Fryske oansprekfoarmen. Gerbrich hjiroer:

'Do' en 'jo' binne mar lytse wurdsjes, mar se sizze in soad oer minsklike ferhâldingen. Dat makket oansprekfoarmen in nijsgjirrich ûnderwerp fan ûndersyk. Mei de oansprekfoarmen yn Fryslân is boppedat wat bysûnders oan 'e hân, want der is noch in ekstra oansprekfoarm gongber: it oansprekken yn de tredde persoan. Dy oansprekfoarm wurdt meast brûkt foar âldere famyljeleden, bygelyks "Mem, kin mem my helpe?" of "Pake, wol pake noch kofje?" It kin ek mei in foarnamme, lykas bart yn it heger ûnderwiis. Studinten sizze dan: "Hat Gerbrich de tentamens al neisjoen?" 

 

Martijn Kingma is meiwurker oan de Fryske Akademy en Universiteit fan Amsterdam en sil it hawwe oer feroaringen yn de útspraak fan it Frysk. Martijn hjiroer:

De Fryske taal is altyd yn beweging, en dat jildt ek foar de útspraak. Tradisjoneel wie der in dúdlik ferskil te hearren tusken de wurden wyt, wiid en wiet. Tsjintwurdich sprekke jongere Friezen wiid en wiet itselde út. Wat betsjut dat foar it Frysk?

Martijn: Ik nim jim mei yn myn fonetyske ûndersyk nei feroaringen yn it Fryske fokale systeem. Dêrfoar wurkje ik mei opnamen fan sprekkers, berne tusken 1897 en 2001 út de eardere gemeente Boarnsterhim.

It docht bliken dat jongere Friezen hieltyd mear it ie-lûd brûke foar wurden dy’t men earder mei in ii-lûd sei, en dat dat ek jildt foar oare lange lûden (bgl. hûd en hoed). Hoe kin dat? En wat binne de gefolgen fan dizze feroaringen foar it Frysk fan de takomst?

 

 

15 maart 2026: Fryske jûnstsjinst mei it Kwartettekoar

 

It koar is op ’t heden (juny 2025) dwaande mei harren nijste kantate fan Eppie Dam en Jan de Jong, neamd ‘Folgeling fan leafde‘:

 

 

Dat it paad op dy takomt en de wyn de goede kant út waait.
Dat de sinne blier dyn antlit beskynt, de rein dyn lannen myld bedript.
En oant wy elkoar wer moetsje, meist burgen wêze yn de palm fan Gods hân
.

De tsjinst is yn de Krústsjerke en begjint om 19.00 oere. It Kwartettekoar stiet ûnder lieding fan Feike van Tuinen.

 

 

26 maart 2026: Karst Berkenbosch oer it Fryske Skânsenpaad

In koarte CV

Karst A. Berkenbosch (1950) en wennet yn Aldeberkeap.

Wie: Foarmingslieder, learaar, byldzjend keunstner, kabaretier en teätermakker mei in eigen teäter.

Aktyf mei: sjongen, muzyk meitsje, swimme, kuierje, fotografearje en skriuwen.

 

Kuierje

Nei’t hy troch rêchklachten twongen wie op te hâlden mei sporten, is hy begûn mei kuierjen. Dat resultearre yn de webside Mei Karst op Stap. Dêr steane al ferskillende kuiertochten op dy’t beskreaun wurde út kultuerhistoarysk perspektyf wei.

No is hy dwaande mei de ûntwikkeling fan it Fryske Wetterliny Skânsenpaad.

Hjiroer sil de lêzing gean. Neist skiednis komt ek de  natuer oan ‘e oarder. It paad rint nammentlik troch prachtige  natuergebieten.

 

 

Sneon 18 april 2026: Útstapke mei Siebe Siebenga oer de skiednis fan Burgum, mei oanslutend in doarpskuier

 

Siebe Siebenga: Yn de rom 40 jier dat ik yn Burgum wenne ha, koe ik my as postrinner “amtshalve…” en yn myn frije tiid, ferdjipje yn de Burgumers en harren skiednis. Myn hiele libben kaam ik skoalmasters tsjin dy’t dy wat leare woene oer de skiednis fan de omjouwing.

Yn Aldegea wie dat skoalmaster Lou de Jong en yn Burgum Klaas Henstra, fan wa’t ik ek in soad opstutsen ha. Ik harke altyd mei twa pear earen en as ik it net leauwe woe... socht ik it út. Dat resultearre yn publikaasjes yn ferskate tydskriften, lykas Frysk literêr tydskrift, Fryslân (histoarysk moanneblêd) en doarpskranten. By it feest fan 80 jier befrijing fan Burgum 2025, kaam myn boekje oer de fleanramp by de Krústsjerke (1941) út. 

Doe’t de kritefoarsitter frege om wat te fertellen oer de omjouwing fan Burgum, mei oanslutend in doarpskuierke, gie ik dêr mei nocht en wille op yn.