SKIEDNIS

 

De nammejouwer fan de Fryske Krite fan Burgum is Dr. G.A. Wumkes. Hy libbe fan 1869-1954 en wie in hertstochtlik strider foar de idealen fan de Fryske Beweging. Sa waard hy mei-oprjochter fan it Kristlik Frysk Selskip yn 1908.

 

Op 10 maart 1955 waard de Fryske Krite fan Burgum oprjochte. Nammen dy't hjir neamd wurde moatte binne: de masters Spijksma, Van Dijk en de froulju Wimke Adema en Doetsje Douma.

Ut it ferslach fan de oprjochtsfergadering kin it doel en de wurkwize û.o. sa gearfette wurde:

- in rûnte wêze dy't wat dwaan wol foar it Frysk en Fryslân yn it algemien en foar de Fryske Beweging yn it bysûnder;

- it giet om de Fryske taal, mar net minder om de Fryske geast;

- persoanlike foarming fan de leden.

 

Wy binne wiis dat de krite fan Burgum noch altyd bestiet, al wiene der ek jierren dy't dreech wiene. Somtiden lei de krite yn in lange slomme lykas fan 1967-1974. Lokkich stiene der altyd wer guon op dy't de tried oppakten.

Sa ek yn jannewaris 2019. It bestjoer woe it byltsje der by dellizze. Der wie gjin farsk bloed te finen foar in bestjoersfunksje. As de need sa heech is, binne der gelokkich dochs wer minsken dy't soks oan it hert giet. Wy hawwe de gong der wer yn, al spilet yn 2020 it koroanafirus ús wol parten.

 

Mear oer de skiednis fan de Krite fan Burgum kin men lêze yn it jubileumboek: 50 jier Fryske Krite Dr. G. A. Wumkes Burgum (sjoch hjirboppe).

Mear ynformaasje oer Wumkes fine jim yn it ferslach dat opnommen is yn ús argyf!